FrieslandAgenda, powered by AgendaConnect, Haal meer uit je evenement!
Powered by AgendaConnect

Deel:

Iepenloftspul Dronryp | Turks fruit - Dronryp - 21 juni 2019 / 06 juli 2019

© Iepenloftspul Dronryp

Iepenloftspul Dronryp spilet dit jier ‘Turks fruit’. It is in nij stik, basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de film fan Paul Verhoeven, dy’t mei 3,3 miljoen besikers noch altyd de meast suksesfolle Nederlânske bioskoopfilm oait is. ‘Turks fruit’ is it oangripende ferhaal oer de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga. Olga komt úteinlik oan de gefolgen fan in harsentumor te ferstjerren. Yn ‘Turks fruit’ wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea en hertstocht elkoar ôf.Sang en live muzyk spylje in wichtige rol yn dat stik dat foar it earst yn it Frysk én yn ‘e Iepenloft opfierd wurde sil.‘Turks fruit’ is skreaun, bewurke en oerset troch Dick Jansen. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes.  Bestel jo kaarten fia iepenloftspuldronryp.frl

Details van dit evenement

Evenement: 2, 5 uur | Kosten: 18,50
Aanmelden: Via website |
Locatie: Terrein oan 'e Haven | De Haven | 9035BC Dronryp