Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn ..." /> Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn ..." /> 4 december 2019: Raze om protters | Tryater - <p class="MsoNormal" style="mso-margin-top-alt:auto;mso-margin-bottom-alt:auto; line-height:normal"><i><span style="font-family:" fira="" sans",sans-serif"="">Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn ...
FrieslandAgenda
Powered by AgendaConnect

Deel:

Raze om protters | Tryater - Sneek - 04 december 2019 - 20:15 uur

© Theater Sneek

Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn bêst dochst om derby te hearren, hoe hâldst dy dan steande...?

It bart Doede (Raymond Muller), in jonge mei in licht ferstanlike beheining, wannear’t in soad feroaret yn syn libben. Sûnt in pear wiken sit er ferplichte thús by syn mem (Aly Bruinsma), dy’t ek fersoarging nedich hat. Hy hat dien krigen om’t er by fersin syn net te temjen leafde foar in publyk persoan te bot utere, wylst syn freonen dat krekt sa oanmoedigen. Dêrtroch liket der gjin plak mear foar him te wêzen yn de maatskippij.

Help krijt er fan ynstânsjes, mar hy wurdt fan de muorre nei it sket stjoerd. Hoe hurd oft er ek besiket, Doede krijt mar gjin fet op hoe’t it dan wol heart. As útsetter driget ek syn favorite dowehobby foar him te djoer te wurden. Hy begrypt it net; wêrom mei hy net dwaan wat er wol? Hy docht sa syn bêst, wêrom wurdt dat net sjoen? Yn stee fan de kop hingje te litten, komt Doede yn aksje en easket in poadium. It is genôch.

Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede - mar meitsje dy gjin soargen: hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?

Details van dit evenement

Evenement: Kosten: 20,00
Aanmelden: Via website |
Locatie: Theater Sneek | Westersingel 28 | 8601GR Sneek